Ljouwert bêste mei FSC-hout

27 sep 2013 - 20:35

Ljouwert is de bêst skoarende gemeente fan Nederlân as it giet om de ynkeap fan duorsum hout en papier mei it FSC-karmerk. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Wereld Natuur Fonds ûnder twahûndert gemeenten, provinsjes en wetterskippen.

Allinnich Ljouwert rjochtet him foar 100 prosint op FSC hout en papier en skoart ek it heechst op de kontrôle fan it gebrûk fan FSC hout yn projekten. Wethâlder Isabelle Diks hat dêrom freedtemiddei de FSC-Award krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)