Oanhâldings troch lokfyts

Yn Ljouwert binne trije minsken oanhâlden yn ferbân mei stellerij fan in lokfyts dy't de plysje ynset hie. Dy lokfyts waard stellen yn it sintrum fan Ljouwert. De plysje trof by it hûs oan de Insulindestrjitte dêr't de lokfyts stie, twa manlju oan fan 49 en 37 jier út Grins en Ljouwert. Dy binne oanhâlden.
Letter dyselde jûn is de lokfyts nochris stellen en waard in 16-jierrige jonge út Ljouwert oanhâlden. By in oare wenning yn de Insulindestrjitte waard noch in oare stellen fyts oantroffen. Dêrfoar is in 58-jierrige Ljouwerter oppakt.