Cambuur ûntspannen foar derby

27 sep 2013 - 13:14

Sportklup Cambuur wurket ûntspannen ta nei de Fryske derby tsjin Hearrenfean fan kommende snein. Trainer Dwight Lodeweges docht de tarieding op de wedstriid net oars as oars, al fernimt er wol dat de wedstriid bot libbet. Lodeweges kin net beskikke oer de skorste Martijn van der Laan. Mart Dijkstra spilet op syn plak.

Fierder feroaret de trainer neat oan de opstelling. Dat betsjut dat ek Oliver Feldballe wer yn de basis stiet. Kevin Brands foel de ôfrûne wiken in pear kear goed yn, mar hy begjint opnij op de bank.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Leeuwin, Dijkstra, Bijker, El Makrini, Bakker, Ritzmaier, Lukoki, Hemmen en Feldballe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)