Soad âlderen nei de notaris

In soad Fryske âlderen hawwe dit jier it testamint oanpasse litten. Se wolle sa foarkomme dat se in hege AWBZ-bydrage betelje moatte as se yn it fersoargingshûs bedarje. Dy bydrage kin oprinne oant 2100 euro yn 'e moanne. De measte âlderen skinke yn dat gefal leaver in bedrach oan de bern of oan pake- en beppesizzers.
De notarissen hawwe it ôfrûne jier likernôch tsien persint fan de klanten oer de flier hân foar advys oer it testamint. De notarissen binne bliid mei de ekstra drokte.
De notarissen hâlde der rekken mei dat de polityk earder of letter de wetjouwing oangeande de AWBZ tichttimmerje sil. Notaris Anna de Vries fan Oerterp jout de minsken dêrom it advys om net te lang te wachtsjen mei it neisjen litten fan it testamint. Alderen kinne ek in jonger famyljelid - bygelyks ien fan de bern - machtigje om de finansjele saken te behertigjen op it stuit dat se dat sels net mear kinne.