Boargemaster Visser hâldt op

27 sep 2013 - 10:38
  • Boargemaster Jurrit Visser

Boargemaster Jurrit Visser fan Skylge hat syn ûntslach oanbean oan kening Willem-Alexander yn ferbân mei sûnensproblemen. Visser sit al in skoftsje thús mei sykteferlof. Syn funksje wurdt op 't heden waarnommen troch boargemaster Ron Bats.

Visser soe graach trochgean wolle, mar syn sûnens lit dat net ta. Hy hâldt offisjeel op 1 desimber op. Jurrit Visser is sûnt 2002 boargemaster fan Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)