Kettingbotsing yn Ljouwert

27 sep 2013 - 10:54

By in kettingbotsing yn Ljouwert is tongersdeitemiddei in 53-jierrige autorider út Smilde ferwûne rekke. It slachtoffer ried oer de Morsewei en seach nei alle gedachten te let dat it ferkear foar him stilstie foar de rotonde. De man botste op de auto foar him en dy rekke wer de auto dêrfoar.

De man yn de middelste auto, in 32-jierrige man út Drachten, is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. De man út Smilde en de bestjoerder fan de tredde auto, in man út de Like yn Grinslân, rekken net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)