Brêgen mear iepen op ôfstân

27 sep 2013 - 07:58

In soad Fryske brêgen wurde aanst net mear mei de hân iepene, mar sille betsjinne wurde fia in ôfstânsbetsjinning. Troch betsjinning fanút sintrale lokaasjes kinne brêgen faker iepen en ek op fêstere tiden as dat no it gefal is. De automatisearing kostet hast 4 miljoen euro, dat brûkt wurde sil foar de oanskaf fan kamera's, monitoaren en netwurkapparatuer. It automatiseringswurk begjint takom jier en moat yn 2017 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)