Snits Wyt Swart út beker

26 sep 2013 - 22:08

Snits Wyt Swart Boso is tongersdei troch in 3-1 ferlies tsjin Wilhelmina 08 útskeakele yn de KNVB beker. Yn Weert kamen de Snitsers nei 8 minuten al op efterstân. Mei in frije traap wie Mark Homme van der Veen foar rêst ticht by de 1-1. Syn skot belâne lykwols op de fûsten fan de keeper.

Fuort nei rêst soarge Tjeerd Andringa foar de fertsjinne lykmakker. Troch in flater by de úttraap fan Snitser keeper Bas Douma pakte Wilhelmina opnij de lieding. Mei noch in kertier op 'e klok smieten de Limboargers de wedstriid definityf yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)