Crone krijt ideeën foar KH2018

Mei in skûtsje op toernee troch Europa om Kulturele Haadstêd Ljouwert te promoatsjen. It liket boargemaster Ferd Crone in treflik idee foar 2017. Crone wie tongersdeitejûn earegast op de presintaasje fan Kulturele Haadstêd Umeå 2014 op it Museumplein Amsterdam. Dizze Noard-Sweedske stêd reizget no troch Europa mei grutte blokken iis, in iisbar, in Sámi-tinte, typysk Noard-Sweedsk iten en drinken en fansels ek mei in soad kultuer.
Crone fynt dat ek wol in idee foar Kulturele Haadstêd Ljouwert.
It programma fan Kulturele Haadstêd Umeå is basearre op de acht seizoenen fan de Sámi. De Sámi binne wiis mei alle omtinken foar harren kultuer yn Umeå, mar se brûke dy oandacht ek om te protestearjen tsjin de grutskalige mynbou-aktiviteiten yn harren lân. Ek op it Museumplein yn Amsterdam wie tongersdei in polityk protest te hearren tsjin de wize wêrop Sweden omgiet mei de lânrjochten fan de Sámi. Ek bysûnder oan Umeå is it logo. It giet om in stilearre U mei in smiley, dy't wol in hiel soad op it Fryske pompeblêd liket.