Miedema debutearret yn Oranje

Miedema yn aksje tsjin FC Twente © awfoto.nl
Fuotbalster Vivianne Miedema fan SC Hearrenfean hat tongersdei har debút makke yn it Nederlânsk frouljusalvetal. Yn de kwalifikaasjereeks foar it WK yn 2015 wûn Oranje mei 4-0 fan Albanië.
De 17-jierrige oanfalster fan Hearrenfean kaam as ynfalster yn de slotfaze fan de wedstriid yn it fjild. Miedema mocht noch al in treffer meifiere, want yn blessueretiid soarge Reneé Slegers foar de einstân. De oare trije doelpunten kamen op namme fan topskoarder Manon Melis.