Rûnwei De Gordyk iepen

26 sep 2013 - 20:53

De oanlis fan in nije rûnwei rûnom De Gordyk hat de feiligens yn it doarp bot ferbettere. Dat sei doarpsbelang tongersdei by de offisjele iepening fan de rûnwei. De nije dyk is al in pear moannen yn gebrûk en dat is te fernimmen yn it doarp. Dêr is it folle rêstiger wurden. Doarpsbelang is benammen bliid dat ek it lânbouferkear no oer de rûnwei giet. De provinsje woe dat earst net, mar hat dochs tastemming jûn foar in proef. De kommende moannen wurdt besjoen oft it lânbouferkear net foar te folle fertraging soarget op de rûnwei.

De oanlis fan de nije rûnwei hat goed 9 miljoen euro kostte en der is hast 20 jier oer praten. De nije namme fan de dyk is de Hans de Jongwei, nei de âld-waarman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)