Hearrenfean troch yn 'e beker

SC Hearrenfean giet nei de 3-0 oerwinning op FC Twente troch nei de tredde ronde om de KNVB beker. Yn it Abe Lenstrastadion wienen de bêste kânsen yn de begjinfase foar Twente. Tsjin de ferhâldings yn kaam de iepeningstreffer op namme fan Luciano Slagveer, dy't de Feansters út in foarset fan Alfred Finnbogason op 1-0 sette. Twente moast boppedat mei tsien man fierder nei twa kear giel foar Roberto Rosales.
Nei rêst profitearre topskoarder Finnbogason optimaal fan de man-mear-sitewaasje en soarge mei twa treffers foar in romme oerwinning.