Wrâldrekôr Langste konsert ea

26 sep 2013 - 18:15

Poppoadium Romein, Poadium Asteriks en de oplieding D'Drive fan it Friesland College sille yn desimer besykje in nij wrâldrekôr Langste konsert ea del te setten. It rekôr stiet op dit stuit op 360 oeren efter elkoar optreden. Dat betsjut dat dik 350 bands út it hiele lân mear as 15 dagen lang dei en nacht muzyk meitsje sille ûnder de namme Serious Record.

It Guiness Book of Records stelt stringe easken. Sa meie der bygelyks gjin dj's meidwaan oan it rekôr. De opbringst fan de konserten giet nei it Glêzen Hûs fan 3FM.

Fan 6 oant 13 desimber sille de bands optrede yn poadium Asteriks. Ferfolgens wurdt it hiele spul mei in rinnend orkest ferhûze nei poppoadium Romein, wêr't oant en mei 21 desimber de optredens fierder gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)