Soad folk by banebeurs CNV

26 sep 2013 - 15:57

San 300 wurksykjenden melden har tongersdei by de banebeurs fan fakbún CNV yn it WTC yn Ljouwert. It wie foar it earst dat de fakbún op sa'n grutte skaal har leden stipet om in nije baan te finen. Foarhinne siet de taak fan de bún der meastentiids op als it ûntslach rún wie.

De wurkleaze fakbûnsleden koene in kursus rouferwurking folgje foar it ferlies fan har baan en yn petearkomme mei bedriuwen dy't nij persoaniel sykje.

Trefwurden: 
CNV banebeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)