Sponsoring Omrin kin gjin kwea

26 sep 2013 - 15:41

De sponsoring fan de Tall Ships Races yn Harns troch Omrin giet net ten koste fan de ôffalferwurking. Dat seit in wurdfierder fan it bedriuw nei oanlieding fan fragen fan de VVD yn fúzjegemeente De Fryske Marren.

Neffens Omrin is mei de komst fan de Restôffalstoffensintrale yn Harns ôfpraten dat Omrin wat werom dwaan soe foar de stêd. De sponsoring fan de Tall Ships Races, dy't takom jier plakfine, is dêr in ûnderdiel fan. De sponsoring fan de fiskerijdagen yn Harns past ek yn dy ôfspraak.

Omrin hat foar de sponsoring in spesjaal potsje en it jild dat dêr út komt giet net ten koste fan it reguliere wurk, sa seit de wurdfierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)