Buert wol gasstasjon kwyt

25 sep 2013 - 22:03
  • Enexis

De bou fan in nij gasferdielstasjon yn de wyk Huzum yn Ljouwert is stillein troch de gemeente, nei beswieren fan omwenners. It nije stasjon fan Enexis komt op de drokke hoeke fan de Ruysdaalstrjitte en de Fabritiusstrjitte. Neffens de bewenners is dat libbensgefaarlik, omdat der by in ûngelok maklik in auto tsjinoan ride kin.

Se binne it der ek net mei iens dat it stasjon sûnder oankundiging foarôf foar har ruten setten is. De gemeente hat de bewenners útnoege foar in petear.

Neffens in wurdfierder falt der te praten oer in oar plak foar it stasjon. Wol moat dat flakby de hoek wêze, omdat dêr de gaslieding leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)