Pilat&Pilat nei Home Center

De meubels fan Pilat en Pilat binne meikoarten net mear te keap yn de eigen winkel yn Twizel. Nei 37 jier hâld Gjalt Pilat op mei de ferkeap yn Twizel. Yn plak derfan sille de houten tafels, kasten en oar guod te keap wêze by it Home Center yn Wolvegea. Pilat hat dêroer oerienstimming berikt mei eigener Kapenga fan it Home Center.
Pilat en Pilat giet tenei allinnich fierder as produsint en hat flinke útwreidingsplannen yn de eigen fabryk yn Bosnië-Herzegovina.