Jan Kooistra-museum yn Dokkum

It natuermuseum yn Dokkum
Skilder Jan Kooistra fan Dokkum krijt syn eigen museum. Foar de skilderije-searjes De Skepping en de Ferwûndering wurdt it eardere natuermuseum yn Dokkum ynrjochte as museum. It museum is dêrfoare hielendal ferboud. De bedoeling is dat de skilderijen hjir in permanint plak krije.
De skilderijen binne fan ein novimber te sjen yn it nije museum. De galery fan de skilder bliuwt op de Djipswâl yn Dokkum.