Events moatte LC rêde

25 sep 2013 - 17:00
  • Leeuwarder Courant

It mei-organisearjen fan eveneminten, lykas beurzen of toanielstikken, en it ferkeapjen fan bypassende produkten moat soargje foar nije ynkomsten fan de NDC mediagroep. Dat seit algemien direkteur Geert Jan van der Snoek. Hy ferwachtet dat der mei it útjaan fan bygelyks de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd hieltyd minder te fertsjinjen is.

Tiisdei waard bekend dat de LC yn in jier tiid mear as 5 persint betelle abonneminten kwytrekke is. Van der Snoek tinkt dat advertearders belang hawwe by eveneminten mei in dúdlike doelgroep.

Ek soene besikers fan eveneminten ree wêze om te beteljen foar ynformaasje dy't de sjoernalisten sammele hawwe. Van der Snoek wol by de eveneminten ek gearwurkje mei Omrop Fryslân. Begjin july waard bekend dat it Frysk Deiblêd oernommen wurdt troch de NDC. De yntegraasje is noch folop geande. Van der Snoek seit dat de sjoernalisten foar de ein fan dit jier ferhúzje fan har besteande wurkplak, by soarchfersekerder De Friesland, nei it gebou fan de Ljouwerter Krante oan de Sixmastrjitte. Tusken no en trije wiken wurdt dúdlik hoefolle minsken oft der útmoatte by it deiblêd. Op dit stuit wurdt noch wurke oan in plan om de organisaasje fan it FD en de NDC ynelkoar te skowen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)