Westra stelt teloar by tiidrit

25 sep 2013 - 16:53

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is woansdei teloarstellend as 27e einige by it wrâldkampioenskip tiidriden yn Florence. Westra moast nei hast 58 kilometer rom 4 minuten tajaan op de winner, Tony Martin út Dútslân. Martin waard foar de tredde kear op rige wrâldkampioen by it tiidriden.Twadde waard Bradley Wiggins út Grut-Brittannië en tredde Fabian Cancellara út Switserlân. Westra moast ek syn lângenoat Niki Terpstra foarrang jaan. Terpstra waard 25e. Yn it foar hope Lieuwe Westra noch by de earste tsien yn it klassemint te einigjen.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)