'Diskusje JSF nei feiten sjen'

25 sep 2013 - 15:31

De diskusje oer de JSF moat gean oer de feiten, net oer emoasjes. Dat is de oprop fan kommandant Gerbe Verhaaf fan de fleanbasis Ljouwert. Hy wie jierrenlang belutsen by it testprogramma fan de JSF. Neffens Verhaaf binne der op it stuit in soad ûnsinferhalen oer it tastel. Hy sjocht dat de byldfoarming negatyf is, wylst it tastel hast klear is mei testen en goed foldocht. Yn de omkriten fan de fleanbasis is der noed oer lûdsoerlêst.

Verhaaf begrypt dat, mar seit dat it tafalle sil. De JSF is goed foar de wurkgelegenheid, ek yn Ljouwert.

Trefwurden: 
fleanbasis definsje JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)