Crone: taret op Fryske derby

25 sep 2013 - 13:36
  • Fryske derby Hearrenfean tsjin Cambuur

Fryslân is goed taret op de wedstriid tusken SC Hearrenfean en Cambuur dizze snein. Boargemaster Ferd Crone ferwachtet gjin problemen. De plysje stiet al op skerp en mei de fuotbalklups hâlde sy de fans yn de gaten, ûnder oare op social media. Der is ek ekstra plysjeynset, mar hoefolle wol Crone net sizze.

Alle goed 1200 Cambuurfans wurde mei bussen fan Ljouwert nei it Abe Lenstrastadion brocht. Mei eigen ferfier nei de wedstriid is net mooglik neffens Crone. Hy ropt ek alle supporters op om net te provosearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)