Plysje drok mei Feanster

25 sep 2013 - 10:40
  • Oanhâlding troch plysje

De plysje hat tiisdei in 21-jierrige man fan It Hearrenfean yn syn wenplak yn de boeien slaan moatten. De man wie yn syn hûs oan de Heideburen hielendal gek yn de kop wurden. Dêrby bedrige er in tal minsken mei in mes. Doe't de plysje by it hûs kaam, sloech en skopte de man om him hinne. Mei pepperspray koe de plysje him lang om let delbêdzje. It is ûndúdlik wêrom't de man sa boas wie. Hy is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)