Man wol jonge mei mes stekke

Plysjejas © ANP
In jonkje fan 12 jier is tiisdeitemiddei op It Hearrenfean achternei sitten troch in man mei in mes. De jonge fytste om goed healwei trijen hinne by de Sportwei en de Domela Nieuwenhuisweg doe't in donkere man fan in jier as 20 him besocht te stekken mei in mes. De jonge koe ûntkomme, mar de man kaam achter him oan. Hy begûn dêrby te razen en mei it mes te swaaien. Troch hurd te fytsen wist de jonge de man kwyt te reitsjen. De man hie in swarte learen jas oan, in read t-shirt en in blauwe broek. De plysje freget tsjûgen har te melden.