Petear fakbûnen en Doeksen

De fearboat fan rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Fakbûnen FNV Bondgenoten en CNV Vakmensen prate woansdei fierder mei de direksje fan rederij Doeksen. Earder ha de partijen ek al by mekoar om tafel sitten oer in skeel oer de wurktiden. It skeel is ûntstien trochdat Doeksen de tsjinstregeling oanpast hat. Personeel wit no net mear wannear't en hoe lang oft se wurkje moatte.
Yntusken binne ôfspraken makke oer it wurkjen fan maksimaal 5 dagen yn 7 dagen tiid. Omdat Doeksen noch net wit hoe't de nije tsjintregeling der út komt te sjen, is it ynplannen fan meiwurkers noch net mooglik.
Dêr moat no noch fierder oerlis oer plakfine. Dêrnei sille de fakbûnen mei har leden yn petear. Pas as de leden akkoart geane mei alle ôfspraken wurdt it ultimatum ynlutsen dat troch de bûnen steld is.