Nije plannen foar Houkepoort

Artists' impression fan nije wenwyk de Houkepoort yn Snits
De gemeente Sudwest Fryslân en projektûntwikelder VolkerWessels ûnderhannelje oer in nije ynfolling fan it Houkepoort-projekt yn Snits. Yn oktober ferwachtsje beide partijen dêr mear oer melde te kinnen. De gemeente en de projektûntwikkelder sykje nei in fernijing fan it projekt omdat de ferkeap eins al jierren stil leit. Yn de oarspronklike planning soene der goed 250 lúkse wenten boud wurde, mar oant no ta binne der kwalik huzen ferkocht. Dêrtroch is der ek noch neat echt boud. It terrein oan de rûnwei fan Snits leit der al jierren leech by.
Benammen de gemeente wol dêr graach sa fluch mooglik feroaring yn bringe. Fierdere details oer hoe't in nije ynfolling fan it projekt der út komt te sjen wolle beide partijen noch net sizze. Neffens in wurdfierder fan VolkerWessels giet it perfoarst net om in fersobering fan it projekt.