Tryater spilet yn Moskou

24 sep 2013 - 17:47

Tryater spilet de kommende dagen yn Moskou trije kear de foarstelling 'Fan de stêd en it libben'. Se dogge dat yn it ramt fan it Nederlân-Ruslân-jier, fanwege 400 jier betrekkingen tusken de beide lannen. Moandei is in grutte frachtwein mei dekôrstikken nei Moskou riden.

Foar artistyk lieder Ira Judjovskaja is it in bysûndere ûnderfining om mei Tryater in foarstelling yn har berteplak Moskou te jaan. De foarstelling hat net folle tekst, mar it Frysk dat brûkt wurdt, wurdt yn in boppetiteling yn it Russysk oerset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)