Fuotbalgeweld: 5 oanhâldings

24 sep 2013 - 16:55
  • De ME yn it Cambuurstadion

De plysje hat fiif Ljouwerters oanhâlden fanwege ûngeregeldheden nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Grins op 17 augustus. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei bekend makke. Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Grins hawwe inkelde Ljouwerters foarwurpen smiten nei bussen mei Grinzer supporters. Fan de fiif oanhâlden Ljouwerters is ien man fêst set. Tsjin alle fiif wurdt proses-ferbaal opmakke.

Twa Ljouwerters hawwe in gedrachsoanwizing oplein krigen. Dat besjut dat se har tidens de út- en thúswedstriden fan Cambuur melde moatte by de plysje.

De gemeente Ljouwert hat fierder in oare Ljouwerter in gebietsferbod oplein fanwege reboelje nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Heracles. Plysje, justysje, gemeente en Cambuur fine it bysûnder wichtich om alle fuotbalwedstriden feilich ferrine te litten. Minsken dy't harren wilens, foar of nei de wedstriden misdrage sille dêrom strafrjochterlik of bestjoersrjochtelik oanpakt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)