Man Warfstermûne fermist

24 sep 2013 - 16:18

In 19-jierrige man út Warfstermûne wurdt sûnt moandeitejûn fermist. De man is rinnende fuortgien en net wer weromkaam . It giet om in man mei in Súd-Amerikaansk uterlik. Hy hat swarte earbellen yn en in ketting om. Hy hat in tenger postuer en wurdt al wat keal.

De man hat in rôze-oranje broek oan en in swart t-shirt. De meldkeamer Noard-Nederlân ropt op om nei de jongeman út te sjen. Wa't him sjoen hat of wit wêr't er is kin kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)