Mear meldings húslik geweld

24 sep 2013 - 12:37

De Fryske sikehuzen wurde hieltyd mear wach op it sinjalearjen fan bernemishanneling en húslik geweld. Dat seit medysk maatskiplik wurker Inge Stolte fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean. Neffens it Algemien Deiblêd soene sikehuzen noch hieltyd in soad gefallen fan bernemishanneling oer de holle sjen.

By de Tsjongerskâns krije nije meiwurkers yn de soarch in ferplichte training oer bernemishanneling en húslik geweld. Dêrtroch wurde der hieltiten mear meldings dien.

By Fier Fryslân yn Ljouwert wurde mishannele bern opheind en behannele. Yn gearwurking mei sikehuzen, plysje en justysje wol de helpferlienings-ynstânsje it probleem fan bernemishanneling yn Fryslân oanpakke. It probleem is net maklik op te lossen, omdat de ynsidinten meast achter de foardoar plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)