Druverispinge 2013 liket knap

24 sep 2013 - 12:24

It is in goed jier foar de druve- en wynboeren yn Fryslân. Alhoewol't de druven wat letter ryp binne, hingje der folle mear oan de planten as oars. Dit yn tsjinstelling ta ferline jier. Doe brocht de rispinge krekt minder op as gewoanwei.

De druven wurde de kommende wiken plôke. Oer de kwaliteit fan de wyn is op dit stuit noch net folle te sizzen. De earste nije wyn is oer ûngefear in heal jier klear om te drinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)