Buggy handich foar stellerij

Boeien © ANP XTRA
In frou fan 27 jier út Ljouwert is moandeitemiddei oppakt foar stellerij út in winkel. De fertochte brûkte de buggy, dêr't har berntsje fan 16 moanne ynsiet, om it stellen guod te ferbergjen en te ferfieren.
De frou waard betrape troch meiwurkers fan de winkel en oanhâlden. Yn de buggy fûn de plysje ferskate levensmiddelen, dy't yn beslach nommen waarden.