Wrak by Flylân ferwiderje

24 sep 2013 - 11:41

Rykswettersteat sil dizze wike de boppeste helte fan in skipswrak út de fargeul Suder Stortemelk ferwiderje. It wrak bedriget de feiligens fan skippen dy't nei Harns of Flylân farre. Under it wurk bliuwt oan de noardkant fan it wrak in stripe fan 200 meter oer dêr't skippen passeare kinne.

It is al it fjirde wrak dit jier dat rykswettersteat alteast foar in part bergje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)