Jonges besykje Dútser te rêden

24 sep 2013 - 11:33
  • Jonges besykje Dútser te rêden
  • De fiif jonges dy't de Dútser besochten te rêden

Fiif jonges út Gerkeskleaster hawwe moandeitejûn besocht om in 73-jierrige Dútser út wetter te rêden. De jonges - tusken de 13 en 16 jier âld - seagen dat it slachtoffer by it oanlizzen fan syn boat yn it wetter fan de Singel foel. De jonges binne de man fuortendaliks achternei sprongen. Se hellen de man út it wetter en bellen en alaarmnûmer 112.

It wie lykwols al te let. De Dútser wie al ferstoarn. Hy hie in hertkwaal. De plysje neamt it optreden fan Gerbert, Zweitze, Lars, Raymond en Marco manmoedich en in heldedied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)