Kaaksjirurgen los yn Sionsberg

24 sep 2013 - 10:19
  • Kaakchirurch Jan Peter Wymenga
  • De kaaksjirurch oan it wurk yn Dokkum

Yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum wurdt tiisdei de poliklinyk kaaksjirurgy iepene. Nei de fúzje mei Nij Smellinghe geane twa kaaksjirurgen út Drachten no yn Dokkum oan de slach. Dêrfoar is in part fan it sikehûs ferboud. It wurk op de poliklinyk bestiet út it ferwiderjen fan ferstânskiezzen, woartelkanaalbehannelings en oare sjirurgyske yngrepen.

Der sil in protte gearwurke wurde mei húsdokters en toskedokters út de omkriten. Foarearst is de poliklinyk op tiisdei en tongersdei iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)