Minste eutanasy yn it Noarden

© Omrop Fryslân
In Fryslân, Grins en Drinte wurde de minste meldings fan eutanasy dien. Dat docht bliken út sifers fan de eutanasykommisje. It totaal oantal meldings lei ferline jier op 4188. Yn fierwei de measte gefallen wie de húsdokter de melder. Yn de trije noardlike provinsjes wiene it ôfrûne jier 433 eutanasymeldings. Oerisel, Gelderlân, Utert en Flevolân is it gebiet mei it heechste meldingssifer: 1064.
Fryslân, Grins en Drinte hawwe al jierren it leechste eutanasysifer.