Van der Noord giet foar rekôr

Jurjen van der Noord yn aksje © www.watersportverbond.nl
Wynsurfer Jurjen van der Noord fan Bûtenpost sil fan 26 oktober oant en mei 15 novimber in oanfal dwaan op it wrâldrekôr speedsurfen. Yn it Namibyske Luderitz sil er besykje it rekôr fan de Frânsman Antoine Albeau út de boeken te surfen. Dat rekôr stiet op 52.05 knopen, wat gelyk is oan 96 kilometer yn 'e oere. Van der Noord hat op dit stuit it Nederlânsk rekôr yn hannen mei 51,26 knopen, wat gelyk is oan 95 kilometer yn 'e oere. Van der Noord docht mei oan in ynternasjonaal speedsurfevenemint.
Spesjaal foar it evenemint is der in kanaal groeven fan 8 meter breed en 1000 meter lang.