Ferkearsles foar Sintrale As

Bern út groep 5 oant en mei 8 dy't yn doarpen oan de Sintrale As wenje, krije les op skoalle om te learen hoe't se feilich mei de nije ferkearssitewaasje omgean moatte. Mei de komst fan de dyk sille de kearnen fan doarpen lykas Damwâld, Feanwâlden, De Falom, Garyp en Burgum opnij ynrjochte wurde. Der komme saneamde shared space sitewaasjes, wêryn't ferkear rekken hâlde moat mei-inoar. Margot Blaauw fan Veilig Verkeer Nederland hat sân jier wurke oan in lesboekje. De lesmetoade sil yn kombinaasje mei ferkearslessen yn de praktyk tapast wurde.
It lespakket sil foar it earst brûkt wurde op de basisskoalle yn Garyp.