Douwe Bijlsma ferstoarn

23 sep 2013 - 17:46
  • Douwe Bijlsma ferstoarn

Ald-FNP-steatelid Douwe Bijlsma is sneon hommels ferstoarn yn syn wenplak Stiens. Bijlsma wie tolve jier lang aktyf as steatelid. Fierders wie er njoggen jier foarsitter fan de FNP. Neffens FNP-foarsitter Ultsje Hosper wie Bijlsma 'in ynspirearjend en gedreven' man.

Bijlsma wie noch hieltyd aktyf foar de partij. Sa siet er yn it bestjoer fan de Europeeske Frije Alliânsje EFA yn Brussel, it gearwurkingsferbân dêr't sa'n fjirtich regionale partijen lid fan binne. Bijlsma is 62 jier âld wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)