Soargen oer drank en jongerein
Fryske horekabedriuwen meitsje har soargen oer it alkoholgebrûk fan jongeren tusken de 16 en 18 jier. Fan 1 jannewaris ôf meie jongeren pas alkohol drinke as se 18 binne. De horeka is benaud dat jongeren no noch mear de keten opsykje om dêr te drinken en de diskoteken oerslaan. Neffens Horeka Nederland binne bern en âlden ferantwurklik wêze foar it drankgebrûk en net de horeka-ûndernimmers.
Der moat in mentaliteitsferoaring by de bern komme en dat moat troch mei-inoar te praten, seit Corné van Ervan fan Horeka Nederland.
No wurde der allinnich regels makke en dat hellet neat út, seit wurdfierder Van Erven.