Glêsplaten Nij Saailân stikken

In frachtwein hat moandeitemoarn in tal glêsplaten fernield dy't oan winkelsintrum Nij Saailân hingje. De sjauffeur fan de frachtwein is der fantroch gien sûnder wat te melden, mar is yntusken opspoard mei help fan bylden fan in bewakingskamera. In himmelbedriuw hat de glêssplinters opromme. De saak wurdt fierder ôfhannele troch de fersekering fan de frachtrider.
De stikkene glêsplaten binne moandeitemiddei ferwidere. Dy moatte ferfongen wurde.