'Noardeastfryslân is topregio'

23 sep 2013 - 14:55
  • Farre lâns it Dokkumer bolwurk

Noardeast-Fryslân moat yn 2025 in topregio foar de wetterrekreaasje wêze. Dat wolle oerheid en ûndernimmers. De plannen binne moandei presintearre yn Streekhûs Noardeast-Fryslân yn Burgum. Der sille ûnder oare bettere farrûtes komme. Dêrfoar wurde nije farwegen oanlein. Ek moatte der saneamde Toeristyske Oerstap Punten ûntwikkele wurde.

Dy soargje der foar dat fyts - en kuierrûtes better sichtber wurde foar de wetterrekreant. En duorsumens stiet foaroan yn de regio: der komme bygelyks farrûtes foar allinnich elektryske boaten.

Der komme ek ferskate oplaadpunten foar elektryske fytsen, auto 's en boaten. Oan de plannen hinget in priiskaartsje fan tsientallen miljoenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)