H'fean-Cambuur net útferkocht

23 sep 2013 - 12:11
  • Stadion SC Hearrenfean

Der binne noch 750 kaarten te keap foar de Fryske derby SC Hearrenfean-SC Cambuur. Foar it wykein wiene noch twatûzen fan de mei-inoar 26.000 kaarten beskikber. De rom tolvehûndert buskombykaarten foar de Cambuursupporters binne wol útferkocht.

SC Hearrenfean giet der wol fan út dat alle kaarten ferkocht wurde foar de wedstriid dy't no snein spile wurdt. De derby wurdt foar it earst yn trettjin jier spile yn kompetysjeferbân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)