Fakânsjehúskes achter Ringobar

23 sep 2013 - 11:26

Der komme trije fakânsjehúskes yn Feankleaster, op it terrein achter de eartiidse Ringobar. It terrein leit der wat fertutearze by en wurdt brûkt as parkearterrein mei in pear kear yn't jier in evenemint. De gemeente Kollumerlân wol it terrein in bettere funksje jaan. Doel is om it toerisme yn it doarp te stypjen.

Op it takomstige bungalowparkje komt romte foar 18 oant 24 persoanen de nacht. De gemeente ferkeapet de grûn oan in ûndernimmer, dy't de bungalows yn 2015 bouwe sil. Mar it wurdt neffens wethâlder Jelle Boerema gjin kamping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)