Diel Boontjes wurdt útbaggere

23 sep 2013 - 11:08

Op 1 oktober set rykswettersteat útein mei it lêste diel fan de baggerwurksumheden yn fargeul de Boontjes tusken Harns en Koarnwertersân. Oer in lingte fan 730 meter wurdt de seeboaiem útdjippe fan 3,20 meter ûnder NAP oant 3,80 meter ûnder NAP. De fargeul wurdt 100 meter breed. It wurk koe earder net útfierd wurde omdat der in gasleiding yn de boaiem lei. Dy is no ferpleatst.

Ferline jier is it earste part fan de Boontjes oer in lingte fan twa kilometer al útbaggere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)