Skier te lyts foar 2 praktiken

Der is gjin romte foar twa hûsdokterpraktiken op Skiermûntseach. Dat seit boargemaster Sjon Stellinga. Hûsdokter Zaal hat koartlyn de gearwurking mei syn kollega Pauline Kouwenhoven opsein. Sy wol no in eigen praktyk begjinne. Stellinga is fan miening dat in eilân as Skiermûntseach te lyts is foar twa húsdokters omdat it eilân mar 900 ynwenners hat. Hy hopet dat de artsen harren skeel bylizze.
Oars sil de merk nei alle gedachten bepale hokker dokter om saaklike redenen de praktyk slute moat.