Dieven beferzen fisk oppakt

23 sep 2013 - 09:49

Twa Ljouwerters fan 24 en 29 jier binne dit wykein oppakt foar in ynbraak yn in fiskkraam oan de Wylgestrjitte yn Ljouwert. De eigner ûntduts de stellerij freedtemoarn. De ynbrekkers hiene beferzen patat en fisk, drinken en jild meinaam.

Nei ûndersyk koe de plysje de twa manlju yn harren wenning oanhâlde. It stellen guod lei dêr ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)