Bestjoer SP Ljouwert opstapt

27 jan 2012 - 06:21

It folsleine bestjoer fan de SP ôfdieling yn Ljouwert is tongersdeitejûn opstapt. Direkte oanlieding is it opstappen earder dizze wike fan SP steatelid Maria de Vries. Se fynt dat se binnen de partij net selstannich operearje kin. Ek kin se net oerwei mei fraksjefoarsitter Jos van der Horst. It bestjoer fan de SP Ljouwert stipet har yn it beslút en hat no sels ek besletten om ôf te treden.

It bestjoer kin him wol fine yn de krityk fan De Vries. Der soe in ûnwurkbere situaasje ûntstien wêze troch de kaaiposysje fan Van der Horst. Ek lanlik is der fan alles mis, sa fynt it Ljouwerter bestjoer. It lanlik bestjoer soe gjin romte litte oan de ôfdielingen foar eigen inisjativen. Petearen dêroer mei de SP top ha neat opsmiten.

Trefwurden: 
Ljouwert bestjoer SP opstapt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)