Sneu ferlies foar FVC

22 sep 2013 - 16:11

FVC rûn snein tsjin in soer 2-1 ferlies oan by RKHVV. Yn Huissen krigen de ploegen yn de earste helte in hânfol kânsen. Benammen Robin Hollander wie foar de Ljouwerters twa kear tichtby de iepeningstreffer. Yn de twadde helte wie it lang wachtsjen op it earste doelpunt. In kertier foar de ein iepene RKHVV de skoare. Yn de 89e minút tekene Ruurd Algra foar de lykmakker en like FVC mei in punt nei hûs te gean.

Yn blessueretiid krige de ploech fan Bert Hollander it lid op 'e noas. Yn de 94e minút helle de thúsploech de trije punten binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)