Postma wint NK Finnsilen

Pieter-Jan Postma yn aksje © Wettersportferbûn
Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is snein Nederlânsk kampioen wurden yn Medemblik. Postma wie oppermachtich op it Iepen Nederlânsk Kampioenskip en skreau trije dagen lang alle races op syn namme. Allinnich yn de achtste slotrace moast er Timo Hagoort foargean litte. Postma nimt de titel oer fan Hagoort, dy't ferline jier de bêste wie, mar no tefreden wêze moast mei sulver. It brûns gong nei Stefan de Vries.